Genietsje fan ús Teepriuwerij of Krûdetún
B&B De Reidikker
Fanwege Corona hâlde wij ús B&B dit jier fierder sletten. Want hoe't it dit jier fierder útpakt witte wij net. En wij ha wol ferlet fan dúdlikens foar ússels en ús gasten.

Wolkom yn ús Krûdetún!
De krûdetún is ek yn 2020 yn de moannen maaie oant en mei augustus altiten tagonkelik. Je kinne in rûntsje troch de tún rinne oan de hân fan pylken. Bij de ferskillende perken stiet útlis. Bij de planten stiet in buordsje mei de namme en de smaak.
It hert fan de krûdetún, dat binne de Teeperken, mei blommen en krûden dy't in soad aroma jouwe oan tee.

Teepriuwerij
It liket derop dat wij dizze simmer yn alle gefallen teepriuwerijen foar lytse groepen hâlde kinne. Je sjogge de blommen en krûden. Je rûke harren swietrook. Je priuwe ferskillende soarten tee fan blommen en krûden út de tún.
Dat kin fan juny oant en mei augustus op oanfraach.
It programma duorret oardel oere.
B&B en Krûdetún 'De Reidikker' leit yn Gaasterlân tusken it Rysterbosk en de Iselmar.


Túnbesite yn 2020
Wolkom yn ús Krûdetún!
De krûdetún is fan maaie o/m augustus altiten tagonkelik. Der is in rûte oanjûn en der steane buordsjes mei útlis.
Rûnlieding troch de hiele tún allinnich op ôfspraak.
Teepriuwerij
Teepriuwerij fan juny oant en mei augustus op ôfspraak.


Munt
De nûmer 1 fan de teeparade, mar uteraard ek hearlik yn slaad, yn bowl en gebak!

Untdek de reidfjilden
B&B De Reidikker, midden yn de natûr
Us B&B is fanwege Corona dit jier fierder sletten.
Us B&B leit midden yn de natûr tusken de Iselmar en it Rysterbosk op it Murnser Klif. In fijn plak om ta rêst te kommen at je dat in pear dagen of langer oan tiid ha.
Yn de hjerst en winter fleane de guozzen oer en strike mei tûzenen del yn de Iselmar. Har gakjen lit je tinke oan fiere oarden of lange reizen en makket ek dat je der sin oan krije om yn 'e hûs bij it houtkachteltsje te sitten.
Yn de maitiid bij jûntiid op it klif sitte en nei de reidfûgels harkje, der giet in wrâld fan nije lûden foar je iepen. En soms wol 't sa treffe dat de Reidbolle syn heimsinnige rop hearre lit.
Simmers it genietsjen fan blommepracht, flinters en bijen en sinne oer it lân. De mar is fol swannen en de markol hearre je boppe alles út.


Akkommodaasje
We ha twa keamers mei privee dûs en wc op de earste ferdjipping. Yn beide keamers stiet in twapersoans bêd. Op de keamers kin tee setten wurde, der is tv en wifi. Under is in mienskiplike romte foar moarnsiten en noflik sitten. At der ek oare gasten binne is it moarnsiten meast mienskiplik..
Under stiet ek in kuolkastke, in magnetron en in senseo-apparaat.

Us tún
Om it hûs hinne leit in krûdetún dy't natuerlik yn it lânskip oergiet. Wij túnkje biologysk en ek wol op basis fan 'Permacultuur'.
Rjochting de Iselmar sjogge je in greide, dêr't wij troch ferearming safolle mooglik ferskaat oan planten yn besykje te krijen.
Om hûs hinne en nei de westkant lizze de krûdeperken. Dêr steane benammen in soad planten dy’t lekker binne yn tee.


Prizen
Twa keamers, selde priis, ynklusyf it moarnsiten.
Links de earste keamer en rjochts de twadde keamer.
Taryf 2 persoanen:
60 euro per nacht. At je ien nacht bliuwe in taslach fan 10 euro.
Taryf 1 persoan:
40 euro per nacht. At je ien nacht bliuwe in taslach fan 10 euro.
Kontakt



mienskiplik terras

mienskiplike keamer

Hindrik de hoanne
We ha in nije Hindrik. Hij is jong, enerzjyk en fjûrich. Sadree't it ljocht wurdt wol hij syn blidens fan wer in prachtige dei op De Reidikker hearre litte. En dêr nimt hij de tiid foar. Ek yn de simmer, at de dei ier begjint, galmt syn Kukeleku grutsk en lûd oer Murns.
Hindrik

Yn- en útchecke
Yntsjekke: tusken 17.00 en 19.30 oere. At je graach op in oare tiid yntsjekke wolle, kin dat yn oerlis mooglik ek wol. We rikkommedearje oan om dan in dei fan te foaren kontakt te sykjen.
Uttsjekke: uterlik 11.00 oere.
Gaasterlân, lân fan kliffen, hichten en delten
Kuiermooglikheden bij de rûs
Yn Gaasterlân rinne, dat kin altiten. Want at it stoarmet of reint binne dêr de bosken. En bij moai waar lokket it frije iepen fjild. It Ryster Bosk is ien fan de moaiste bosken fan ús lân, mei syn barokke oanlis en âlde leafbeammen. Der binne allerhande paden útsetten yn en bûten de bosk. Rinnende kinne je skoan yn Bakhuzen, Riis of Aldemardum komme foar in fersnapering en paviljoen 't Mirnser Klif leit om de hoeke.
Fryske stêden op fytsôfstân
Alle Fryske stêden binne bysûnder om te besjen. Sleat en Hylpen lizze op 15 km en ha beide in hast ûnskeind histoarysk sintrum. Snits en Boalsert, op sawat 30 km, binne folle grutter en biede ek in soad winkel- en terras plesier. Balk is in flekke op 10 km, De Lemmer in havenplak op 18 km, beide moai en gesellich.

Lit je ferrasse troch de smaak fan tee fan farske blommen en krûden
Op ôfspraak foar groepkes
Teepriuwerij
- Je sjogge de planten;
- Je rûke it blêd en de blom;
- Je priuwe 4 soarten tee, 2 nei eigen kar.
It programma duorret oardel oere. Kosten 25 euro foar in groepke oant en mei 6 persoanen.
Gruttere groepen yn oerlis.
Fan juny oant en mei augustus op ôfspraak. Kontakt

PIKANT, SACHT, SWIET, KRUDICH, ANYS …..
1001 smaken
Munt smakket nei munt. Roazemaryn is pikant, krekt lykas Hyssop en Hôfkom. In roaske smakket sa't it rûkt. Wylde roazen ha in 'exquise' sêfte smaak. Finkel smakket nei anys, Monarda is krûdich. Lit je ferrasse troch de 1001 swietroken en smaken dy't yn de tún te finen binne.

Under de teepriuwerij komme ferskillende tema's te praat
Underwerpen
Hokker planten kinne je brûke?
Hoe smeitsje dy?
Kinne je safolle nimme at je wolle?
Wat bin lekkere mingsels?
Hoe sette je tee fan farske krûden?
Goudgjirde
De blom fan de Goudgjirde is swiet en fol fan smaak.


Elke dei nij
Ferrassend
Tee fan farske planten, je witte noait hoe't it priuwe sil. De smaak ferskilt per seizoen. Oregano wurdt bijgelyks krûdiger bij de dei. Mar de smaak ferskilt ek mei it waar. Kamelle is swieter nei in sinnige dei. En je moatte je konkurrinten foar wêze, want bijen binne slij nei nektar. At sij op besite west ha is de smaak folle flakker.
TIME UT IT ''CRUYDTBOEK’ FAN DODOENS
Ende is lieflijk van reuk aldus Dodoens, ende dus van smaak aldus mij

Sitroenmelisse
Foar tee en neigesetsjes!

Túnbesite yn 2020
Wolkom yn ús Krûdetún!
De krûdetún is fan maaie o/m augustus altiten tagonkelik. Der is in rûte oanjûn en der steane buordsjes mei útlis.
Rûnlieding troch de hiele tún allinnich op ôfspraak.
Teepriuwerij
Teepriuwerij fan juny oant en mei augustus op ôfspraak.
Untdek sels teeplanten, krûden, harren swietroken en hûnderten bijen en flinters yn ús krûdetún
Sealje
Sealje hat in bysûndere smaak, krûdich en in bytsje wrang. Lekker yn melanzjes, want it jout in krachtige basis oan de tee. Brûk it mei mate!

Krûdetún is tagonkelik
De krûdetún is fan maaie o/m augustus altiten tagonkelik. Der is in rûte oanjûn en bij de perken steane buordsjes mei útlis.
- Yn de Teeperken steane benammen planten dy't lekker binne yn tee.
- It Bijeperk is foar de bijen.
- Skuorwoartel en Co fiele har thús yn de Skaadperken.
- Yn it nije Strukeperk steane wat ûnbekendere ytbere struken.

Ite of drinke
De measte planten yn de tún (ek de blommen) kinne wij brûke. Dan wol yn de tee, dan wol om te iten, dan wol om yn te setten bij in sykte of kwaal. De hinnen ha ek har foarkar. Guon planten binne goed foar de grûn. En fansels hâlde wij rekken mei fûgels en ynsekten en boaiumbewenners dy't ek graach meigenietsje.
Oregano
Krûdich en in bytsje pittich. Super lekker yn tee!


Rûnlieding hiele tún
Dat kin allinnich op ôfspraak. O/m 4 persoanen 10 euro yn totaal. Gruttere groepen 2,50 per persoan.

FOAR USSELS, FOAR DE PLANTEN, DE BISTEN EN DE WRALD
Biologysk
Wij túnkje biologysk en brûke hjir en dêr ek de begjinsels fan de 'Permacultuur'. Dat wol sizze dat wij de natuerlike processen folgje, sadat alle organismen better funksjonearje kinne. Dat is ynklusyf de minsk, dy't dan minder wurk ha soe. Mar dat is noch net slagge.
Sels útfine
Do wolst wol wis wêze datst yndie Skieppegerf plukst en net de giftige buorman. Je kinne bij ús hiel goed yn de kunde komme mei ytbere blommen. En Skieppegerf is wyt. Of roze. Of Read.

Túnbesite yn 2020
Wolkom yn ús Krûdetún!
De krûdetún is fan maaie o/m augustus altiten tagonkelik. Der is in rûte oanjûn en der steane buordsjes mei útlis.
Rûnlieding troch de hiele tún allinnich op ôfspraak.
Teepriuwerij
Teepriuwerij fan juny oant en mei augustus op ôfspraak.
Wolst sels ek in krûdetún, of in krûdeborder, of bakken op dyn balkon?
Beplantingsplan

Beplantingsplan
Wij meitsje beplantingsplannen foar in ytbere tún, mei in kombinaasje fan ytbere blommen, krûden en griente nei winsk. Wij kinne ek foar de útfiering soargje.
De gong fan saken:
1. Yn 'e kunde komme
2. Offerte
3. Ynfentarisaasje winsken
4. Konsept beprate
5. Beplantingsplan
Wielderige beplanting
In wielderige beplanting is in lust foar it each. In bijkommend foardiel is dat net-winske planten minder kâns krije. Dat freget om in strakke foarm. Dan jout in moaie wikselwurking tusken romantyske natûr en oarder yn de tún.

Perken op de sinne
In soad ytbere planten binne leafhawwers fan de sinne. Dat jildt uteraard foar de mediterrane krûden en grienten. Mar ek Kamelle, Skieppegerf, Fakkel en sa fierder ha ferlet fan sinne. Fansels binne der ek teeplanten dy't graach skaad ha. Mar at je oer in ytbere border tinke, mik dan op de sinne.

Ienfâldige linen
Yn de permacultuer wurdt de grûn net omlein. Dan wolle je net op je perken rinne. Je ha dus ferlet fan paden. It is moai en handich om foar perken en paadsjes ienfâldige linen út te setten.
In strakke foarm jout oersjoch en helpt it ûnderhâld yn de hân te hâlden.
Skieppegerf
Moai en lekker!

Swarte bei (Ribes nigrum)
Favoriten
Swarte bei is ús grutste favoryt. It blêd jout it folle waarme basissmaak oan tee. It is lekker yn elk mingsel. Mei Oregano en Hyssop wurdt it in lekkere pittige tee. Mei Finkel of Roas in smaaklike swiete tee. En it blêd droeget hiel maklik, sadat je de hiele winter troch komme.
Fan de bei meitsje je in hearlik sop dat goed is foar de toarst.

Túnbesite yn 2020
Wolkom yn ús Krûdetún!
De krûdetún is fan maaie o/m augustus altiten tagonkelik. Der is in rûte oanjûn en der steane buordsjes mei útlis.
Rûnlieding troch de hiele tún allinnich op ôfspraak.
Teepriuwerij
Teepriuwerij fan juny oant en mei augustus op ôfspraak.
Spontaan tuinbezoek in 2016
4 en 5 augustus:
Tuin open van 11.00 - 17.00.
De hele tuin is regelmatig open voor bezoek, maar niet op vaste tijden. Het staat aangegeven met een bord bij de tuin.
De theeperken zijn altijd te bezichtigen.
Het is haast weer zomer
Schaduwplanten
En er komen in 2017 bedden met de lekkerste schaduwplanten voor thee.
30 januari, 2017
Bloemrijk grasland
Nieuw in 2017 is een lange border van 30 meter met bloemrijk grasland.
30 januari, 2017
Recept van de maand
Recept van de maand januari Pluk wat munt en salvia. Doe er de schil van een…
4 januari, 2017
Kwis voor kinderen
Neem de kinderen mee! De kleintjes vinden het leuk om bloemen te ruiken. En grotere…
31 maart, 2015
Ik hoor de Tjiftjaf
De tjiftjaf laat de hele dag weten dat hij ook in de tuin woont.Net zoals…
31 maart, 2015
Recept van de maand
Recept van de maand juli De Dropplant (Agastache foeniculum) bloeit. Proef eens een kopje thee…
2 september, 2014
Roodborstje tikt ...
Fanwege Corona is de B&B dit jier fierder sletten.
Kontakt
B&B en Krûdetún 'De Reidikker'
Murnserdyk 34
8573 WP Murns
(Kies yn de routeplanner: Mirns)
tel. +31657621330

Fanwege Corona is de B&B dit jier fierder sletten.
Mail ús
Teepriuwerij op ôfspraak fan juny oant en mei augustus
De Teepriuwerij moat soms fanwege it waar yn 'e hûs hâlden wurde. Dêr kinne wij 10 persoanen rom bergje. Bij gruttere groepen wurdt it ynskikken.
Túnbesite yn 2020
Wolkom yn ús Krûdetún!
De krûdetún is fan maaie o/m augustus altiten tagonkelik. Der is in rûte oanjûn en der steane buordsjes mei útlis.
Rûnlieding troch de hiele tún allinnich op ôfspraak.
Teepriuwerij
Teepriuwerij fan juny oant en mei augustus op ôfspraak.

Baukje Miedema is dosint bedriuwsekonomy en Frysk. Se is sûnt in jier as tsien ek hofker en hat dêrnei krûdekursussen folge bij De Groene Zon. Se hâldt fan tee (en trouwens ek fan kofje).
Bed and Breakfast en Kruidentuin in Gaasterland, Friesland. Midden in de natuur op het Murnser Klif. De Kruidentuin is zomers open. Theeproeverij op afspraak.