Teepriuwerij, Krûdetún en
Beplantingsplannen
Baukje Miedema
Murnserdyk 34, 8573 WP Murns

Ofspraken leafst fia e-mail: baukjemiedema@home.nl.
Tillefoan: 0657621330 (faak yn de tún sûnder tillefoan)

 

Krûdetún


De measte planten yn ús tún (ek de blommen) binne brûkber. Dat wol sizze lekker yn tee, lekker yn it iten of medisinaal ynsetber. De hinnen ha ek bepaalde foarkeuren. Guon planten bin goed foar de grûn. En fansels hâlde wij rekken mei fûgels en ynsekten en boaiembewenners dy't ek graach meigenietsje.
Foar en neist hûs binne in tal perken mei in soad blommen en krûden en wat griente.
Achterhûs is it sicht op de Iselmar sa moai dat de beplanting ienfâldich en natuerlik hâlden is.
Wij túnkje biologysk en benutte hjir en dêr ek de begjinsels fan de permakultuer.

Teepriuwerij en Túnbesichtiging op ôfspraak

Teepriuwerij foar lytse groepkes (maksimaal 8 peroanen) kin op ôfspraak.

Túnbesichtiging ek op ôfspraak. Dat is foar lytsere en gruttere groepen mooglik.

Spontaan delkomme om de tún te besjen

De tún is regelmjittich iepen foar besichtiging, mar net op fêste tiden. It stiet oanjûn mei in boerd bij de tún.

De teeperken kinne altiten besjoen wurde.



Blommen foar tee

Yn de kamp neist it hûs steane de lekkerste teeplanten op smaak. Der is in border mei blommen dy't in swietige smaak ha. Dat binne faak giele of wiete blommen. Der is ek in border mei blommen mei in oare smaak bijgelyks krûdich, sitroen of anys. Dy binne pears/blau/roze. It binne dus tagelyk ek borders op kleur wurden. Hjir en dêr stiet ek altiten wol in kropke slaad of in plukje Kamelle. Bij de blommen steane buordsjes mei ynformaasje.

> teepriuwerij
> kruidentuin (ABN)
> baukjemiedema.nl foar ûntwerp en/of beplantingsplan fan in ytbere tún