Genietsje fan in kuierke troch ús Flinterleantsje nei it Klif of fan in Teepriuwerijke
Midsimmers wolkom foar in kuierke troch ús Flinterleantsje nei it Klif
Wolkom yn de moannen juny, july en augustus foar in kuierke troch ús Flinterleantsje nei it Klif. It Flinterleantsje wurdt drok besocht troch flinters, bijen, ealjebijen en allerhande ynsekten. Op in bankje bij it Klif is it in hearlik genietsjen fan it sjongen fan de reid- en wetterfûgels.
'De Reidikker' leit yn Gaasterlân tusken it Rysterbosk en de Iselmar.
Rûnlieding mei Teepriuwerijke
Yn augustus en begjin septimber binne op ôfspraak Rûnliedingen mei in Teepriuwerijke mooglik. Je sjogge de blommen en krûden. Je rûke harren swietrook. Je priuwe in pear soarten tee fan blommen en krûden út de tún.
It programma duorret dik in oere.
Munt
De nûmer 1 fan de teeparade, mar uteraard ek hearlik yn slaad, yn bowl en gebak!
Túnbesite yn 2024
Midsimmers wolkom foar in kuierke troch ús Flinterleantsje nei it Klif.
Ein fan de simmer Rûnlieding mei Teepriuwerijke
Rûnlieding mei Teepriuwerijke troch de hiele tún: augustus en begjin septimber op ôfspraak.
Untdek de reidfjilden
B&B De Reidikker, midden yn de natûr
Us B&B is fanwege Corona dit jier fierder sletten.
Us B&B leit midden yn de natûr tusken de Iselmar en it Rysterbosk op it Murnser Klif. In fijn plak om ta rêst te kommen at je dat in pear dagen of langer oan tiid ha.
Yn de hjerst en winter fleane de guozzen oer en strike mei tûzenen del yn de Iselmar. Har gakjen lit je tinke oan fiere oarden of lange reizen en makket ek dat je der sin oan krije om yn 'e hûs bij it houtkachteltsje te sitten.
Yn de maitiid bij jûntiid op it klif sitte en nei de reidfûgels harkje, der giet in wrâld fan nije lûden foar je iepen. En soms wol 't sa treffe dat de Reidbolle syn heimsinnige rop hearre lit.
Simmers it genietsjen fan blommepracht, flinters en bijen en sinne oer it lân. De mar is fol swannen en de markol hearre je boppe alles út.
Akkommodaasje
We ha twa keamers mei privee dûs en wc op de earste ferdjipping. Yn beide keamers stiet in twapersoans bêd. Op de keamers kin tee setten wurde, der is tv en wifi. Under is in mienskiplike romte foar moarnsiten en noflik sitten. At der ek oare gasten binne is it moarnsiten meast mienskiplik..
Under stiet ek in kuolkastke, in magnetron en in senseo-apparaat.
Us tún
Om it hûs hinne leit in krûdetún dy't natuerlik yn it lânskip oergiet. Wij túnkje biologysk en ek wol op basis fan 'Permacultuur'.
Rjochting de Iselmar sjogge je in greide, dêr't wij troch ferearming safolle mooglik ferskaat oan planten yn besykje te krijen.
Om hûs hinne en nei de westkant lizze de krûdeperken. Dêr steane benammen in soad planten dy’t lekker binne yn tee.
Prizen
Twa keamers, selde priis, ynklusyf it moarnsiten.
Links de earste keamer en rjochts de twadde keamer.
Taryf 2 persoanen:
60 euro per nacht. At je ien nacht bliuwe in taslach fan 10 euro.
Taryf 1 persoan:
40 euro per nacht. At je ien nacht bliuwe in taslach fan 10 euro.
Kontakt
mienskiplik terras
mienskiplike keamer
Hindrik de hoanne
We ha in nije Hindrik. Hij is jong, enerzjyk en fjûrich. Sadree't it ljocht wurdt wol hij syn blidens fan wer in prachtige dei op De Reidikker hearre litte. En dêr nimt hij de tiid foar. Ek yn de simmer, at de dei ier begjint, galmt syn Kukeleku grutsk en lûd oer Murns.
Hindrik
Yn- en útchecke
Yntsjekke: tusken 17.00 en 19.30 oere. At je graach op in oare tiid yntsjekke wolle, kin dat yn oerlis mooglik ek wol. We rikkommedearje oan om dan in dei fan te foaren kontakt te sykjen.
Uttsjekke: uterlik 11.00 oere.
Gaasterlân, lân fan kliffen, hichten en delten
Kuiermooglikheden bij de rûs
Yn Gaasterlân rinne, dat kin altiten. Want at it stoarmet of reint binne dêr de bosken. En bij moai waar lokket it frije iepen fjild. It Ryster Bosk is ien fan de moaiste bosken fan ús lân, mei syn barokke oanlis en âlde leafbeammen. Der binne allerhande paden útsetten yn en bûten de bosk. Rinnende kinne je skoan yn Bakhuzen, Riis of Aldemardum komme foar in fersnapering en paviljoen 't Mirnser Klif leit om de hoeke.
Fryske stêden op fytsôfstân
Alle Fryske stêden binne bysûnder om te besjen. Sleat en Hylpen lizze op 15 km en ha beide in hast ûnskeind histoarysk sintrum. Snits en Boalsert, op sawat 30 km, binne folle grutter en biede ek in soad winkel- en terras plesier. Balk is in flekke op 10 km, De Lemmer in havenplak op 18 km, beide moai en gesellich.
Lit je ferrasse troch de smaak fan tee fan farske blommen en krûden
Rûnlieding mei Teepriuwerijke
- Je sjogge de planten;
- Je rûke it blêd en de blom;
- Je priuwe twa soarten tee.
It duorret dik in oere. Kosten 30 euro foar in groepke oant en mei 6 persoanen.
Bij gruttere groepen: programma en kosten yn oerlis.
Yn augustus en begjin septimber, allinnich op ôfspraak. Kontakt
PIKANT, SACHT, SWIET, KRUDICH, ANYS …..
1001 smaken
Munt smakket nei munt. Roazemaryn is pikant, krekt lykas Hyssop en Hôfkom. In roaske smakket sa't it rûkt. Wylde roazen ha in 'exquise' sêfte smaak. Finkel smakket nei anys, Monarda is krûdich. Lit je ferrasse troch de 1001 swietroken en smaken dy't yn de tún te finen binne.
Goudgjirde
De blom fan de Goudgjirde is swiid en fol fan smaak
Under de teepriuwerij komme ferskillende tema's te praat
- Hokker planten kinne je brûke?
- Hoe smeitsje dy?
- Hoe sette je tee fan farske krûden?
Monarda
De keningin fan de teeplanten
TIME UT IT ''CRUYDTBOEK’ FAN DODOENS
Ende is lieflijk van reuk aldus Dodoens, ende dus van smaak aldus mij
Túnbesite yn 2024
Midsimmers wolkom foar in kuierke troch ús Flinterleantsje nei it Klif.
Ein fan de simmer Rûnlieding mei Teepriuwerijke
Rûnlieding mei Teepriuwerijke troch de hiele tún: augustus en begjin septimber op ôfspraak.
Kuierje troch it Flinterleantsje mei hûnderten bijen en flinters en alle mooglike oare ynsekten
Midsimmers wolkom foar in kuierke troch ús Flinterleantsje nei it Klif
Wolkom yn de moannen juny, july en augustus foar in kuierke troch ús Flinterleantsje nei it Klif. It Flinterleantsje wurdt drok besocht troch flinters, bijen, ealjebijen en allerhande ynsekten. Op in bankje bij it Klif is it in hearlik genietsjen fan it sjongen fan de reid- en wetterfûgels.
Genietsje fan de rêst op it Klif
It kin hielendal stil wêze op de râne fan it klif. Benammen yn de iere moarn of jûn. Je hearre allinnich de eintsjes snetterjen en it snebjen fan de markels. En mei in bytsje gelok toetert de reidbolle of litte de karrekiten fan har hearre. Der stiet in bankje klear.
Túnbesite yn 2024
Midsimmers wolkom foar in kuierke troch ús Flinterleantsje nei it Klif.
Ein fan de simmer Rûnlieding mei Teepriuwerijke
Rûnlieding mei Teepriuwerijke troch de hiele tún: augustus en begjin septimber op ôfspraak.
FOAR USSELS, FOAR DE PLANTEN, DE BISTEN EN DE WRALD
Biologysk
Wij túnkje biologysk en brûke hjir en dêr ek de begjinsels fan de 'Permacultuur'. Dat wol sizze dat wij de natuerlike processen folgje, sadat alle organismen better funksjonearje kinne. Dat is ynklusyf de minsk, dy't dan minder wurk ha soe. Mar dat is noch net slagge.
Wolst sels ek in krûdetún, of in krûdeborder, of bakken op dyn balkon?
Beplantingsplan
Beplantingsplan
Wij meitsje beplantingsplannen foar in ytbere tún, mei in kombinaasje fan ytbere blommen, krûden en griente nei winsk. Wij kinne ek foar de útfiering soargje.
De gong fan saken:
1. Yn 'e kunde komme
2. Offerte
3. Ynfentarisaasje winsken
4. Konsept beprate
5. Beplantingsplan
Wielderige beplanting
In wielderige beplanting is in lust foar it each. In bijkommend foardiel is dat net-winske planten minder kâns krije. Dat freget om in strakke foarm. Dan jout in moaie wikselwurking tusken romantyske natûr en oarder yn de tún.
Perken op de sinne
In soad ytbere planten binne leafhawwers fan de sinne. Dat jildt uteraard foar de mediterrane krûden en grienten. Mar ek Kamelle, Skieppegerf, Fakkel en sa fierder ha ferlet fan sinne. Fansels binne der ek teeplanten dy't graach skaad ha. Mar at je oer in ytbere border tinke, mik dan op de sinne.
Ienfâldige linen
Yn de permacultuer wurdt de grûn net omlein. Dan wolle je net op je perken rinne. Je ha dus ferlet fan paden. It is moai en handich om foar perken en paadsjes ienfâldige linen út te setten.
In strakke foarm jout oersjoch en helpt it ûnderhâld yn de hân te hâlden.
Skieppegerf
Moai en lekker!
Swarte bei (Ribes nigrum)
Favoriten
Swarte bei is ús grutste favoryt. It blêd jout it folle waarme basissmaak oan tee. It is lekker yn elk mingsel. Mei Oregano en Hyssop wurdt it in lekkere pittige tee. Mei Finkel of Roas in smaaklike swiete tee. En it blêd droeget hiel maklik, sadat je de hiele winter troch komme.
Fan de bei meitsje je in hearlik sop dat goed is foar de toarst.
Túnbesite yn 2024
Midsimmers wolkom foar in kuierke troch ús Flinterleantsje nei it Klif.
Ein fan de simmer Rûnlieding mei Teepriuwerijke
Rûnlieding mei Teepriuwerijke troch de hiele tún: augustus en begjin septimber op ôfspraak.
Spontaan tuinbezoek in 2016
4 en 5 augustus:
Tuin open van 11.00 - 17.00.
De hele tuin is regelmatig open voor bezoek, maar niet op vaste tijden. Het staat aangegeven met een bord bij de tuin.
De theeperken zijn altijd te bezichtigen.
Het is haast weer zomer
Schaduwplanten
En er komen in 2017 bedden met de lekkerste schaduwplanten voor thee.
30 januari, 2017
Bloemrijk grasland
Nieuw in 2017 is een lange border van 30 meter met bloemrijk grasland.
30 januari, 2017
Recept van de maand
Recept van de maand januari Pluk wat munt en salvia. Doe er de schil van een…
4 januari, 2017
Kwis voor kinderen
Neem de kinderen mee! De kleintjes vinden het leuk om bloemen te ruiken. En grotere…
31 maart, 2015
Ik hoor de Tjiftjaf
De tjiftjaf laat de hele dag weten dat hij ook in de tuin woont.Net zoals…
31 maart, 2015
Recept van de maand
Recept van de maand juli De Dropplant (Agastache foeniculum) bloeit. Proef eens een kopje thee…
2 september, 2014
Roodborstje tikt ...
Kontakt
Krûdetún 'De Reidikker'
Murnserdyk 34
8573 WP Murns
tel: +31657621330
email: info@de-reidikker.nl
Túnbesite yn 2024
Midsimmers wolkom foar in kuierke troch ús Flinterleantsje nei it Klif.
Ein fan de simmer Rûnlieding mei Teepriuwerijke
Rûnlieding mei Teepriuwerijke troch de hiele tún: augustus en begjin septimber op ôfspraak.
Baukje Miedema is dosint bedriuwsekonomy en Frysk. Se is sûnt in jier as tsien ek hofker en hat dêrnei krûdekursussen folge bij De Groene Zon. Se hâldt fan tee (en trouwens ek fan kofje).
Bed and Breakfast en Kruidentuin in Gaasterland, Friesland. Midden in de natuur op het Murnser Klif. De Kruidentuin is zomers open. Theeproeverij op afspraak.