De Reidik2
Bêd en Brochje, Krûdetún en Teepriuwerij

Genietsje fan ús B&B, Teepriuwerij of Krûdetún

aq_block_2

B&B De Reidikker

Us B&B leit midden yn de natûr tusken de Iselmar en it Rysterbosk op it Murnser Klif. In fijn plak om ta rêst te kommen at je dat in pear dagen of langer oan tiid ha.

Mear

aq_block_4

Teepriuwerij

Simmers hâlde wij op ôfspraak teepriuwerijen foar groepen. Je sjogge de blommen en krûden. Je rûke harren swietrook. Je priuwe ferskillende soarten tee fan blommen en krûden út de tún.
Dat kin fan juny oant en mei septimber op oanfraach.
It programma duorret oardel oere.

aq_block_6

Bêd en Brochje 'De Reidikker' leit yn Gaasterlân tusken it Rysterbosk en de Iselmar.

aq_block_7

Roazemaryn

Roazemaryn jout sawol oan tee as oan mediterraine gerjochten in pikant aroma.

aq_block_8
Krûdetún

Krûdetún

De planten foar de teepriuwerij steane uteraard yn ús eigen biologyske tún. Alle bekende krûden, mar ek minder bekende soarten en in soad blommen dy't lekker binne yn de tee.

De krûdetún is yn de moannen juny oant en mei augustus altiten tagonkelik. Je kinne in rûntsje troch de tún rinne oan de hân fan pylken. Hjir en dêr steane buordsjes mei útlis.

Beplantingsplan

Sels ek oan de slach?

Beplantingsplan

Wij meitsje beplantingsplannen foar in ytbere tún, mei in kombinaasje fan ytbere blommen, krûden en griente nei winsk. Sadat der elke dei wat farsks út de eigen tún op 'e tafel stiet. Ek yn in lytse tún of op in balkon is it wol mooglik om sels krûden te kweken.

Lavindel

Lavindel

In lyts tûfke Lavindel jout oan tee in 'exquise' smaak.

Citroenmunt

Priuw de frisse simmertee fan Sitroenmunt, Sitroenmelisse en Sitroenverbena.

aq_block_12

Túnbesite yn 2018

Krûdetún
De krûdetún is fan juny o/m augustus altiten tagonkelik. Der is in rûte oanjûn en hjir en dêr steane buordsjes mei útlis.

Rûnlieding troch de hiele tún allinnich op ôfspraak.

Teepriuwerij
Fan juny oant en mei septimber op ôfspraak.

Untdek de reidfjilden

B&B De Reidikker, midden yn de natûr

Us B&B leit midden yn de natûr tusken de Iselmar en it Rysterbosk op it Murnser Klif. In fijn plak om ta rêst te kommen at je dat in pear dagen of langer oan tiid ha.

Yn de hjerst en winter fleane de guozzen oer en strike mei tûzenen del yn de Iselmar. Har gakjen lit je tinke oan fiere oarden of lange reizen en makket ek dat je der sin oan krije om yn 'e hûs bij it houtkachteltsje te sitten.

Yn de maitiid bij jûntiid op it klif sitte en nei de reidfûgels harkje, der giet in wrâld fan nije lûden foar je iepen. En soms wol 't sa treffe dat de Reidbolle syn heimsinnige rop hearre lit.

Simmers it genietsjen fan blommepracht, flinters en bijen en sinne oer it lân. De mar is fol swannen en de markol hearre je boppe alles út.

aq_block_16
aq_block_17

Akkommodaasje

We ha twa keamers mei privee dûs en wc op de earste ferdjipping. Yn beide keamers stiet in twapersoans bêd. Op de keamers kin tee setten wurde, der is tv en wifi. Under is in mienskiplike romte foar moarnsiten en noflik sitten. Dêr is in senseo-apparaat. At it moai waar is kin bûten op it terras moarnsiten wurde.

aq_block_19

Us tún

Om it hûs hinne leit in krûdetún dy't natuerlik yn it lânskip oergiet. Wij túnkje biologysk en ek wol op basis fan 'Permacultuur'.
Rjochting de Iselmar sjogge je in blomryk gersfjild, dêr't wij troch ferearming safolle mooglik ferskaat oan planten yn besykje te krijen.
Om hûs hinne en nei de westkant lizze de krûdeperken. Dêr steane benammen in soad planten dy’t lekker binne yn tee.

aq_block_21
aq_block_22

Prizen

Twa keamers, selde priis, ynklusyf it moarnsiten.
Links de earste keamer en rjochts de twadde keamer.

Taryf 2 persoanen:
60 euro per nacht. At je ien nacht bliuwe in taslach fan 10 euro.

Taryf 1 persoan:
40 euro per nacht. At je ien nacht bliuwe in taslach fan 10 euro.
Kontakt

aq_block_24
aq_block_25
aq_block_26

mienskiplik terras

aq_block_27

mienskiplike keamer

aq_block_28

Hindrik de hoanne

Hindrik de hoanne lit moarns bij it lemieren graach hearre wa't de baas is op it hiem en yn de fiere omkriten.
We witte dat allegearre al lang, mar hij hâldt fan werhelling.

Hindrik

aq_block_30

Yn- en útchecke

Yntsjekke: tusken 17.00 en 19.30 oere. At je graach op in oare tiid yntsjekke wolle, kin dat yn oerlis mooglik ek wol. We rikkommedearje oan om dan in dei fan te foaren kontakt te sykjen.
Uttsjekke: uterlik 11.00 oere.

Gaasterlân, lân fan kliffen, hichten en delten

Kuiermooglikheden bij de rûs
Yn Gaasterlân rinne, dat kin altiten. Want at it stoarmet of reint binne dêr de bosken. En bij moai waar lokket it frije iepen fjild. It Ryster Bosk is ien fan de moaiste bosken fan ús lân, mei syn barokke oanlis en âlde leafbeammen. Der binne allerhande paden útsetten yn en bûten de bosk. Rinnende kinne je skoan yn Bakhuzen, Riis of Aldemardum komme foar in fersnapering en paviljoen 't Mirnser Klif leit om de hoeke.

Fryske stêden op fytsôfstân
Alle Fryske stêden binne bysûnder om te besjen. Sleat en Hylpen lizze op 15 km en ha beide in hast ûnskeind histoarysk sintrum. Snits en Boalsert, op sawat 30 km, binne folle grutter en biede ek in soad winkel- en terras plesier. Balk is in flekke op 10 km, De Lemmer in havenplak op 18 km, beide moai en gesellich.

aq_block_33

Lit je ferrasse troch de smaak fan tee fan farske blommen en krûden

Op ôfspraak foar groepkes

Teepriuwerij

- Je sjogge de planten;
- Je rûke it blêd en de blom;
- Je priuwe 4 soarten tee, 2 nei eigen kar.

It programma duorret oardel oere. Kosten 25 euro foar in groepke oant en mei 6 persoanen.
Gruttere groepen yn oerlis.

Fan juny oant en mei septimber op ôfspraak. Kontakt

1001 smaken

PIKANT, SACHT, SWIET, KRUDICH, ANYS …..

1001 smaken

Munt smakket nei munt. Roazemaryn is pikant, krekt lykas Hyssop en Hôfkom. In roaske smakket sa't it rûkt. Wylde roazen ha in 'exquise' sêfte smaak. Finkel smakket nei anys, Monarda is krûdich. Lit je ferrasse troch de 1001 swietroken en smaken dy't yn de tún te finen binne.

Underwerpen

Under de teepriuwerij komme ferskillende tema's te praat

Underwerpen

Hokker planten kinne je brûke?

Hoe smeitsje dy?

Kinne je safolle nimme at je wolle?

Wat bin lekkere mingsels?

Hoe sette je tee fan farske krûden?

Goudgjirde

De blom fan de Goudgjirde is swiet en fol fan smaak.

aq_block_38
Ferrassend

Elke dei nij

Ferrassend

Tee fan farske planten, je witte noait hoe't it priuwe sil. De smaak ferskilt per seizoen. Oregano wurdt bijgelyks krûdiger bij de dei. Mar de smaak ferskilt ek mei it waar. Kamelle is swieter nei in sinnige dei. En je moatte je konkurrinten foar wêze, want bijen binne slij nei nektar. At sij op besite west ha is de smaak folle flakker.

TIME UT IT ''CRUYDTBOEK’ FAN DODOENS

Ende is lieflijk van reuk aldus Dodoens, ende dus van smaak aldus mij

aq_block_40

Sitroenmelisse

Foar tee en neigesetsjes!

aq_block_41

Túnbesite yn 2018

Teepriuwerij
Fan juny oant en mei septimber op ôfspraak.

Krûdetún
De krûdetún is fan juny o/m augustus altiten tagonkelik. Je kinne in rûntsje rinne oan de hân fan pylken. Hjir en dêr steane buordsjes mei útlis.

Rûnlieding troch de hiele tún allinnich op ôfspraak.

Untdek sels teeplanten, krûden, swietroken en hûnderten bijen en flinters yn ús krûdetún

Sealje

Sealje hat in bysûndere smaak, krûdich en in bytsje wrang. Lekker yn melanzjes, want it jout in krachtige basis oan de teem. Brûk it mei mate!

aq_block_44

Krûdetún is tagonkelik

Krûdetún
De krûdetún is fan juny o/m augustus altiten tagonkelik. Der is in rûte oanjûn en hjir en dêr steane buordsjes mei útlis.

- Yn de Teeborders steane benammen planten dy't lekker binne yn tee.
- De Wylde border is foar de bijen.
- Skuorwoartel en Co fiele har thús yn de Skaadborders.

Ite of drinke

Ite of drinke

De measte planten yn de tún (ek de blommen) kinne wij brûke. Dan wol yn de tee, dan wol om te iten, dan wol om yn te setten bij in sykte of kwaal. De hinnen ha ek har foarkar. Guon planten binne goed foar de grûn. En fansels hâlde wij rekken mei fûgels en ynsekten en boaiumbewenners dy't ek graach meigenietsje.

Oregano

Krûdich en in bytsje pittich. Super lekker yn tee!

aq_block_47
Rûnlieding hiele tún

Rûnlieding hiele tún

Dat kin allinnich op ôfspraak. Per persoan 2,50, mar oant en mei 4 persoanen 10 euro yn totaal.

Biologysk

FOAR USSELS, FOAR DE PLANTEN, DE BISTEN EN DE WRALD

Biologysk

Wij túnkje biologysk en brûke hjir en dêr ek de begjinsles fan de 'Permacultuur'. Dat wol sizze dat wij de natuerlike processen folgje, sadat alle organismen better funksjonearje kinne. Dat is ynklusyf de minsk, dy't dan minder wurk ha soe. Mar dat is noch net slagge.

Sels útfine

Do wolst wol wis wêze datst yndie Skieppegerf plukst en net de giftige buorman. Je kinne bij ús hiel goed yn de kunde komme mei ytbere blommen. En Skieppegerf is wyt. Of roze. Of Read.

aq_block_50

Túnbesite yn 2018

Krûdetún
De krûdetún is fan juny o/m augustus altiten tagonkelik. Der is in rûte oanjûn en hjir en dêr steane buordsjes mei útlis.

Rûnlieding troch de hiele tún allinnich op ôfspraak.

Teepriuwerij
Fan juny oant en mei septimber op ôfspraak.

Sels ek in krûdetún?

Beplantingsplan

aq_block_53

Beplantingsplan

Wij meitsje beplantingsplannen foar in ytbere tún, mei in kombinaasje fan ytbere blommen, krûden en griente nei winsk. Wij kinne ek foar de útfiering soargje.

De gong fan saken:
1. Yn 'e kunde komme
2. Offerte
3. Ynfentarisaasje winsken
4. Konsept beprate
5. Beplantingsplan

Wielderige beplanting

In wielderige beplanting is in lust foar it each. In bijkommend foardiel is dat net-winske planten minder kâns krije. Dat freget om in strakke foarm. Dan jout in moaie wikselwurking tusken romantyske natûr en oarder yn de tún.

Perken op de sinne

Perken op de sinne

In soad ytbere planten binne leafhawwers fan de sinne. Dat jildt uteraard foar de mediterrane krûden en grienten. Mar ek Kamelle, Skieppegerf, Fakkel en sa fierder ha ferlet fan sinne. Fansels binne der ek teeplanten dy't graach skaad ha. Mar at je oer in ytbere border tinke, mik dan op de sinne.

Ienfâldige linen

Ienfâldige linen

Yn de permacultuer wurdt de grûn net omlein. Dan wolle je net op je perken rinne. Je ha dus ferlet fan paden. It is moai en handich om foar perken en paadsjes ienfâldige linen út te setten.
In strakke foarm jout oersjoch en helpt it ûnderhâld yn de hân te hâlden.

Skieppegerf

Moai en lekker!

aq_block_58

Swarte bei (Ribes nigrum)

Favoriten

Swarte bei is ús grutste favoryt. It blêd jout it folle waarme basissmaak oan tee. It is lekker yn elk mingsel. Mei Oregano en Hyssop wurdt it in lekkere pittige tee. Mei Finkel of Roas in smaaklike swiete tee. En it blêd droeget hiel maklik, sadat je de hiele winter troch komme.

Fan de bei meitsje je in hearlik sop dat goed is foar de toarst.

aq_block_60

Túnbesite yn 2018

Krûdetún
De krûdetún is fan juny o/m augustus altiten tagonkelik. Der is in rûte oanjûn en hjir en dêr steane buordsjes mei útlis.

Rûnlieding troch de hiele tún allinnich op ôfspraak.

Teepriuwerij
Fan juny oant en mei septimber op ôfspraak.

Spontaan tuinbezoek in 2016

4 en 5 augustus:
Tuin open van 11.00 - 17.00.

De hele tuin is regelmatig open voor bezoek, maar niet op vaste tijden. Het staat aangegeven met een bord bij de tuin.

De theeperken zijn altijd te bezichtigen.

Het is haast weer zomer

Show More Posts

http://www.bmiedema.nl

De site van Baukje Miedema.

Roodborstje tikt ...

Kontakt

B&B en Krûdetún 'De Reidikker'
Murnserdyk 34
8573 WP Murns

(Kies yn de routeplanner: Mirns)

tel. +31657621330

Mail ús

Mail ús

Teepriuwerij op ôfspraak fan juny oant en mei septimber

De Teepriuwerij moat soms fanwege it waar yn 'e hûs hâlden wurde. Dêr kinne wij 8 persoanen rom bergje. Bij gruttere groepen wurdt it ynskikken.

Túnbesite yn 2018

Krûdetún
De krûdetún is fan juny o/m augustus altiten tagonkelik. Der is in rûte oanjûn en hjir en dêr steane buordsjes mei útlis.

Rûnlieding troch de hiele tún allinnich op ôfspraak.

Teepriuwerij
Fan juny oant en mei septimber op ôfspraak.

Baukje Miedema is dosint bedriuwsekonomy en Frysk. Se is sûnt in jier as tsien ek hofker en hat dêrnei krûdekursussen folge bij De Groene Zon. Se hâldt fan tee.

Bed and Breakfast en Kruidentuin in Gaasterland, Friesland. Midden in de natuur op het Murnser Klif. De Kruidentuin is zomers open. Theeproeverij op afspraak.